Skip to main content

Naam

Nauta; Smederij H.P. Nauta, Workum/Heidenschap.
Nauta; Smederij H.P. Nauta, Workum/Heidenschap.

Smederij en eggenfabriek H.P. Nauta in het Heidenschap, Workum.

Oprichter/Opvolger(s)

Eggefabriek-Machine- en Rijwielhandel.

Nauta heeft ook een smederij in It Heidenskip bij Workum gehad.

Werktuigen

Smederij, maakt Lippe mestschudder-eggen en greppelsnijders.

Adverteert in 1938 met zijaanvoerharken, hooivorken, landketels, maaimachines, weideslepen. 

Aantekening: 

Ein 1800 wier pake al smid. Fan it begjin wit ik eigentlik neat, wol dat pake fan alles oanpakte en mei dat ús heit de saak oernaam der noch wolris wat útfûn waard, sa fertelde Thom Nauta, ’85-er’, my oer de smidte yn de Begynestrjitte Warkum, fan de Lippe-eide fabryk.

Neist it gewoane smidswurk wie der ek bûten smidswurk. Yn ± 1912 gienen hja mei in meanmasine by de boeren te meanen, ek foar de hannel. Yn It Heidenskip bouden hja in stielen loads, ek by de gasfabryk ha se ien boud, wêr ynskreaun waard foar ƒ 1.999,995. Se bouden ek Jacobsljedders yn boereskuorren, hienen in ridende wetterpomp mei in 6 pk Listermotor. Wêr’t storing wie oan mole of wynmotor of gjin wyn om te mealen waard troch de Fa. Nauta de polder droech meald en it malleur ferholpen.

Dochs waarden  yntusken ek noch kettingeiden makke yn ferskate grutte. It oantal skalmen bepaalde de grutte fan de eide, 33er en 99er, ien foar ien of twa hynders. Disse skalmen waarden oanfierd fan út ‘Tegelen ijzerwaren fabriek’, wêr ek de kettings weikamen, en mei it spoar yn Warkum oanfierd. Yn de smidte waarden de ringen bûgd en de eiden ynmekoar setten en dan waarden de ringen ticht laske.

Rûn 1930 waard de earste eide mei skodderke makke, in ramt mei dêroan 13 eideskalmen en dan in skodderke oandreaun troch in tsjiltsje. Dat tsjiltsje waard makke fan blêdizer mei bouten deryn om skrep te krijen. Letter waarden yn ‘Tegelen ijzerwarenfabriek’ de tsjiltsjes makke fan hjitizer en wier dat probleem oplost. It waard in deeglike eide dy’t moai wurk makke op bedonge lân. In hiele ferbettering. Der waard oktroai op krigen en moast de eide in namme ha. Dat waard de ‘Lippe’, nei Prins Bernhard (fan Lippebiesterfeld) dy doe krekt mei Prinses Juliana gie.

It fervjen gie earst mei de hân, letter gie de eide troch in bak mei ferve. Hûnderten binne der makke en mei it spoar de wrâld yngien, ek wol mei de boat fan ‘Koch en Eekhof’, beurttsjinst nei Amsterdam.

Yn 1949 namen de bruorren Nauta it bedriuw oer. Mei at der fraach wie om hurder te wurkjen en grutter ark, waarden er twa eiden oanelkoar set, in loftse en in rjochtse, sadat de eide twa kear sa breed waard en doe de trekker by de boer kaam, makken se ek wol eiden mei trekker oandriuwing.

Mei de tiid feroare it wurk. Eureka en oare merken kamen mei grutte skodmasines. Doe waard de stielen weidesleep makke en wie by Fa. Nauta wer folop wurk. Doch ± 1970 wie de tiid fan de Lippe eide foarby, al hoewol hy noch lang brûkt is by it dongeidzjen, by de hynsteboeren, wol oant it jier 2000.

De bruorren Nauta waarden âlder en der wie gjin opfolger foar it bedriuw en sa naam yn 1985 Van der Heide Warkum it bedriuw oer en is ferpleatst nei  it yndustryterrein.

Yn ’e Begynestrjitte stie de âld smidte, mar is nei jierren fan ferfal wer opknapt en is no yn bedriuw as ‘sier smidte’ sadat wy hjoed de dei noch wolris it lûd heare kinne fan it slaan fan de hammer op it izer.

Desimber 2010, opskreau troch Wiebe Sj. Bakker.

Beschikbaar informatiemateriaal

  • Teksten: http://www.workuminbeeld.nl/page2.php http://www.smederij-workum.nl/

U kunt meehelpen deze site vollediger te maken of te verbeteren door een reactie via de mail in te sturen.
Vermeld s.v.p. duidelijk om welke fabrikant of welk bedrijf het gaat.