Skip to main content

Naam

Bakker; Fa. Wed. W. Bakker, fabriek van Landbouwgereedschappen, en Kruiwagens, Workum.
Bakker; Fa. Wed. W. Bakker, fabriek van Landbouwgereedschappen, en Kruiwagens, Workum.

Wed. W. Bakker te Workum.

Oprichter/Opvolger(s)

1895 Oprichter W.Bakker Szn. was gereedschapmaker, pompmaker en wagenmaker en begint boerengereedschap te maken.

Na overlijden van W.Bakker gaat de weduwe met de twee jonge zoontjes door met het bedrijf met hulp van hun grootvader en wordt de bedrijfsnaam Fa. Wed. W.Bakker Workum

In 1940 overlijdt Geert Bakker en zet Sibbele met twee zonen het bedrijf voort.

Later wordt de naam 'Bakker Workum Kunstructiewerken'.

Periode van bestaan

1895 - heden (oan't no ta).

Werktuigen

Begjin 1900 hie ‘W. Bakker Szn. Yn boerengereedschappen’ syn fabryk yn Warkum. Hy wie ôfkomstig út it Drylster famyljebedriuw ‘Bakker IJlst windmotoren’. Neist it boere-ark wie der ek de pompmakker en weinmakker.

Disse W. Bakker Szn. is jong stoarn en bleau syn widdofrou efter mei twa jonges, te jong om it bedriuw oer te nimmen. Doe kaam de pake út Drylst om de beide jonges it fak en de hannel te learen en waard de bedriuwsnamme ‘Fa. Wed. W. Bakker Workum’, aldus Geert Bakker (* 1930)), telg fan de Fa. W.Bakker Workum.

De beide jonges setten it bedriuw troch oan’t 1940 doe omke Geert der ek noch jong by wei foel  en heit Sibbele it bedriuw foart sette, ek mei twa oankommende jonges. It bedriuw waard te lyts yn ‘e Begynestrjitte. Doe bouden se nei efteren in grutte houtbewurkingsfabryk mei droechloads en in smidte sadat se alle wurksumheden sels dwaan koene.

Neist kroaden en karren makken hja ek weinen, bussekarren, jarrebakken, opsleepweinen en oar boere-ark en reau en túnbou-ark. Der kaam gjin ein oan de harken, skeppen, silen, spoarstokken, seinestokken, farbomen, biezemstokken en sa fuort hinne. Ek eusdoppen, jelten, bernekroaden, berneskepkes, bernekarren, túnark, barge- en kealletrôgen, blombakken, ljedders, slaaien, tuollen, stikellûkers, stikelstekkers, te folle om op te neamen.

Hja kochten self beamen, lieten dy kappe en seachje ta planken yn ‘e houtseachmole ‘De Jager’ yn Wâldsein. Yn de smidte waard it izerwurk makke. Leensen, pinnen, bouten, ûnderstellen, bolle- en keallespitten, assen foar kroaden en karren. Letter ek luchtbanneweinen op auto-ûnderstel.

Hja stiene mei har’n ark op de wykmerken fan Boalsert, Snits en Ljouwert mar ek yn ‘e Wieringermar op de merk te Slootdorp wêr't faak grutte opdrachten út fuort kamen fan oannimmers, timmerbedriuwen en winkels, mar ek de boeren kochten dêr har’n ark en reau. Der wie by har’n eigenlik gjin nee te keap en it wie in grutte wurkjouwer foar Warkum mei har’n logo ‘Waarborg voor goede kwaliteit’.

Doch tiden hawwe tiden, ek foar dit bedriuw. De fraach nei boere-ark waard lytser, plastik wie yn opgong, sa dat de omset al mar lytser waard, it houten guod rekke yn ûnbrûk, mar it izerwurk kaam mear nei foarren. In omkesizzer luts mear nei it izerwurk. 

± 1995 koe min yn ‘e Begynestrjitte net mear foarút fanwege it lawaai en de romte en is it bedriuw ferpleatst nei it doe nije yndustryterrein en fuortset as stielkonstruksje ûnder de namme ‘Bakker Workum konstruktiewerken’.

Desimber 2010, W.Sj. Bakker (gjin famylje) 

Maakte houten landbouwgereedschap zoals kruiwagens, karren, wagens, gierbakken, opsleepwagens, handgereedschap, stokken voor de zeis, vaarbomen, ladders, enz.

 

U kunt meehelpen deze site vollediger te maken of te verbeteren door een reactie via de mail in te sturen.
Vermeld s.v.p. duidelijk om welke fabrikant of welk bedrijf het gaat.